WeromropTV fan 29 novimber 2019 17:30

Myndomyn: Arnout Visser
Portret út 2005 fan de dan 24-jierrige motorracer Arnout Visser út Dronryp. Hy stekt al syn jild en tiid yn it motorracen. We sjogge by him op it wurk by in automatisearringsbedriuw yn Boalsert, by de motor yn de garaazje, by in race op it sirkwy yn Assen en by syn metalband Mortuary I.O.D. dêr't er fanwege it racen mei ophâlde moast. Ek syn famylje is gek fan racen wurden.

WeromropTV

Bylden út it fideo-argyf fan Omrop Fryslân binne 24 oeren deis online te sjen op weromrop.nl. En alle freeds is der in kompilaasje makke út dit argyf mei in tema.
(advertinsje)