WeromropTV fan 25 maaie 2018 18:50

Wurktiid TV: De boer is troef:

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer it spultsje 'De boer is troef', dat twa boerinnen, Wikje van der Veen en Janny Cnossen, betocht ha om it imago fan de boer te ferbetterjen. It spul is in krusing tusken Triviant en Ganzenbord.

WeromropTV

Bylden út it fideo-argyf fan Omrop Fryslân binne 24 oeren deis online te sjen op weromrop.nl. En alle freeds is der in kompilaasje makke út dit argyf mei in tema.
(advertinsje)