WeromropTV fan 25 july 2020 18:15

Simmer 2000

Yn july 2000 stjoerde Omrop Fryslân in oantal kear fan lokaasje út yn it ramt fan Simmer 2000, dizze kear fanút Snits. Lútzen Regelsma (Rients Gratama) regelet mei strakke hân dat alle emigranten meidogge oan alles wat der allegear organiseard is. Gerard van der Veer praat mei emigrant Obe Veltman ut Texas, de 'goudsiker' út it boek It Wrede Paradys fan Hylke Speerstra. En muzyk út it iepenloftspul Goudsjeblom en Poddekrud, it stik 'Fertriet' mei Johan Hiemstra (sang) en Ridzert Postma (akkordeon).

WeromropTV

Bylden út it fideo-argyf fan Omrop Fryslân binne 24 oeren deis online te sjen op weromrop.nl. En alle freeds is der in kompilaasje makke út dit argyf mei in tema.
(advertinsje)