Weromrop.tv fan 25 july 2016 17:20

    Van Tuinen Thús by Klaas Jansma út 2003
    Geert van Tuinen sjocht by bekende Friezen thús. Dizze ôflevering is by skûtsjekommentator
    Klaas Jansma. Jansma hâldt fan wettersport. Hy is anneks oan it Skûtsjemuseum yn Earnewâld, hy is dwaande mei in wurdboek skipperstaal, hy docht yn 'e simmer ferslach fan it skûtsjesilen foar radio en dêrby makket er it betiden hast wat te moai en Jansma hat sels ek in eigen boatsje.

    WeromropTV

    Bylden út it fideo-argyf fan Omrop Fryslân binne 24 oeren deis online te sjen op weromrop.nl. En alle freeds is der in kompilaasje makke út dit argyf mei in tema.
    (advertinsje)