WeromropTV fan 23 maart 2020 17:30

LTV dokumintêre: De tiid hâldt gjin skoft . Diel 2

Hjoed it twadde diel fan de dokumintêre út 1994 oer de foarstelling 'De tiid hâldt gjin skoft' yn Weromrop.TV. It selskip Tetman de Vries waard útwreide mei oare spilers, lykas Pyt van der Zee dy't ek de rezjy op him naam. Guon lieten út de foarstelling waarden yn de jierren '90 opnij útfierd troch ûnder oaren Rients Gratama en Leny Dijkstra. Ek bylden fan Tetman sels út 1969, by syn 25-jierrich jubileum as artyst.

WeromropTV

Bylden út it fideo-argyf fan Omrop Fryslân binne 24 oeren deis online te sjen op weromrop.nl. En alle freeds is der in kompilaasje makke út dit argyf mei in tema.
(advertinsje)