WeromropTV fan 22 augustus 2020 18:15

Simmer 2000

De lokaasje-útstjoering fan Simmer 2000 kaam tweintich jier lyn út Ljussens. Gerard van der Veer praat mei de bruorren Teake en Durk Bandstra, dy't yn de fyftiger jierren nei Kanada emigreard binne en dêr in transportbedriuw begûn binne. Rients Gratama en Freark Smink spylje it pynlik weromsjen fan twa bruorren nei fyftich jier. De muyzk komt fan De Amalfi's, dy't yn de jierren fjirtich jûn oan jûn optreden yn kafee Spoorzicht yn Ljouwert.

WeromropTV

Bylden út it fideo-argyf fan Omrop Fryslân binne 24 oeren deis online te sjen op weromrop.nl. En alle freeds is der in kompilaasje makke út dit argyf mei in tema.
(Advertinsje)