WeromropTV fan 18 july 2020 18:15

Iepening Simmer 2000 op it Saailân

Sneon 1 july 2000 wie de iepening fan de grutte Friezereuny Simmer 2000 op it Saailân yn Ljouwert. Maaike Schuurmans, Syb van der Ploeg, Piter Wilkens en Rients Gratama sjonge it Simmer 2000-liet Fryslân, do libbest as in hert. Foarsitter Henk Kroes hjit elkenien wolkom, yn it bysûnder keninginne Beatrix.
 

WeromropTV

Bylden út it fideo-argyf fan Omrop Fryslân binne 24 oeren deis online te sjen op weromrop.nl. En alle freeds is der in kompilaasje makke út dit argyf mei in tema.
(advertinsje)