WeromropTV fan 15 novimber 2019 17:30

LTV Boer op in kearpunt: de bouboer
Yn 1991 stjoerde Omrop Fryslân twa dokumintêres út oer boeren dy't op in kearpunt steane. Yn dizze ôflevering stiet de bouboer sintraal. We sjogge by de famylje Siderius oan de Nijebiltdyk. Neist de jirpels en sipels kweke se no ek roazeplanten. Bouboeren ha it dreech troch de legere prizen en de EEG-polityk. De ûnrêst soarge sels foar protesten dat boeren mei trekkers op it Binnenhof yn Den Haag stienen.

WeromropTV

Bylden út it fideo-argyf fan Omrop Fryslân binne 24 oeren deis online te sjen op weromrop.nl. En alle freeds is der in kompilaasje makke út dit argyf mei in tema.
(advertinsje)