WeromropTV fan 15 juny 2020 17:30

LTV: Rixt wurkje oan in opera

Yn jannewaris 1995 waard de earste grutskalige Fryske opera útfierd yn Ljouwert, ta gelegenheid fan de offisjele iepening fan de nije stedsskouboarch De Harmonie. Yn Weromrop.TV fragminten fan de repetysjes mei sopraan Annett Andriessen, dy't de rol fan Rixt spile. De opera, skreaun troch komponist Henk Alkema, is basearre op de sage Rixt fan it Oerd, dy't spilet op it Amelân.
 

WeromropTV

Bylden út it fideo-argyf fan Omrop Fryslân binne 24 oeren deis online te sjen op weromrop.nl. En alle freeds is der in kompilaasje makke út dit argyf mei in tema.
(advertinsje)