WeromropTV fan 15 augustus 2020 18:15

Simmer 2000

Yn de Harmonie yn Ljouwert is yn july 2000 it Simmerkafee, it sintrale moetingsplak foar alles wat mei Simmer 2000 te krijen hat. Fierder in sketsj fan Rients Gratama, dy't as de Amsterdammer Piet van Loene ferhaalt oer frjemde kostgongers. En it shantykoar De Pikbroeken út Grou sjongt 'Johnny, Johnny'.

WeromropTV

Bylden út it fideo-argyf fan Omrop Fryslân binne 24 oeren deis online te sjen op weromrop.nl. En alle freeds is der in kompilaasje makke út dit argyf mei in tema.
(Advertinsje)