WeromropTV fan 13 septimber 2019 17:35

Sadwaande oer fotografy.
Sadwaande gie yn 1999 oer it byldargyf fan it Friesch Dagblad. Hoe wurde de foto's bewarre, wa makket de kar en hoe wurde se pleatst yn de krante dy't dan noch op grut formaat printe wurdt? Ek amateur-fotograaf Chris Visser hâldt in argyf fan syn foto's by. En wat dogge de klanten fan de fotoservice fan de Hema mei harren foto's?
 

WeromropTV

Bylden út it fideo-argyf fan Omrop Fryslân binne 24 oeren deis online te sjen op weromrop.nl. En alle freeds is der in kompilaasje makke út dit argyf mei in tema.
(advertinsje)