WeromropTV fan 11 oktober 2019 17:35

LTV : Ambassadeur foar Fryslân: it twaddekeamerlid Annemarie Jorritsma waard yn 1982 twaddekeamerlid foar de VVD. Yn 1989 folge programmamakker Piter Tjeerdsma har in pear dagen by har wurk yn Den Haach. Sa sjogge we yn it gebou fan de Twadde Keamer, by in VVD-fraksjegearkomste en yn de flat dêr't se troch de wike wennet. Wilens in itentsje praat se by mei Fryske keamerleden fan oare partijen.

WeromropTV

Bylden út it fideo-argyf fan Omrop Fryslân binne 24 oeren deis online te sjen op weromrop.nl. En alle freeds is der in kompilaasje makke út dit argyf mei in tema.
(advertinsje)