WeromropTV fan 10 maaie 2019 17:45

Yn it sicht fan de frijheid.  Op 11 april 1945, fjouwer dagen foar de befrijding fan Fryslân, waarden by de brêge oer it Van Harinxma-kanaal by Dronryp trettjin minsken deasketten troch de Dútsers. Der wiene alve fersetsminsken by; ien fan harren oerlibbe it fjoerpeloton. Yn 1995 makke Omrop Fryslân in rekonstruksje fan it drama by Dronryp. Hjoed diel 2.

WeromropTV

Bylden út it fideo-argyf fan Omrop Fryslân binne 24 oeren deis online te sjen op weromrop.nl. En alle freeds is der in kompilaasje makke út dit argyf mei in tema.
(advertinsje)