WeromropTV fan 1 augustus 2020 19:15

Simmer 2000 -  Slachtemaraton  

Op 8 july 2000 fûn de earste Slachtemaraton plak. Annie Brinksma út Key West, Florida (mar oarspronklik fan Boalsert) en har freondinne Carole Tiernan út New York sille meidwaan en ferkenne alfêst de rûte. De útstjoering komt de jûns fan tefoaren fan de seedyk by Easterbierrum wei. Dêr fertelt Rients Gratama oer de nije ploechskuon fan syn omke Sjerp, dy't letter nei Kalifornië emigrearre. Ta beslút spilet muzykferiening De Bazuin fan Tsjommearum 'The Boy from Menaam'.

WeromropTV

Bylden út it fideo-argyf fan Omrop Fryslân binne 24 oeren deis online te sjen op weromrop.nl. En alle freeds is der in kompilaasje makke út dit argyf mei in tema.
(advertinsje)