Weistra op wei fan 9 septimber 2015 16:00

    It ferstjerren fan skriuwer Joost Zwagerman kaam foar de measte minsken as in skok. Yn Weistra op wei fan 'e middei in petear mei de út Ljouwert ôfkomstige skriuwer/dichter Pieter Boskma. Hy wie in persoanlike freon fan Zwagerman, en mei him praat Harm oer de relaasje dy't se hienen en oer de selskeazen dea fan Zwagerman. Dan rydt Tom Dumoulin fan 'e middei in belangrike tiidrit yn de Ronde fan Spanje. De kânsen foar dizze Maastrichtenaar op in plakje op it earepoadium fan de Vuelta binne grut, mei hurdfytsfanaat Andries Bakker sjogge we nei dizze rit. Fierder de lêste tarieding op de Simmer yn Fryslân-loop fan kommende snein, de dielnimmers krije fan hurdrincoach Jaring de Groot tips hoe't se har hâlde moatte yn dizze lêste dagen. Ek omtinken foar in fertoaning fan de film De Bak yn de Blokhúspoarte yn Ljouwert.

    16:09 - Irene Cara - Fame
    16:19 - Common Linnets - Hearts On Fire
    16:49 - Snow Patrol - Shut Your Eyes
    17:09 - Years & Years - King
    17:15 - Marco Borsato - Vrij Zijn
    17:24 - Bauke Van Der Woude Kombo - Sa Moai
    17:41 - Matia Bazar - Ti Sento
    17:49 - Plain White T's - Hey There Delilah
    17:56 - Queen - Killer Queen
    Harm Weistra

    Weistra op wei

    Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
    (advertinsje)