Weistra op wei fan 9 novimber 2016 16:00

    De ferrassing, of miskien wol de grutte skok, yn Amearika en fier dêrbûten: Donald Trump wurdt dochs de 45e presidint fan de USA. Yn Weistra op wei sille we it der ek oer ha, want it giet ús allegear oan. Mei Bianca Pander (oanhinger fan Hillary Clinton) en Minne Koopmans (Trump-fan) praat Harm Weistra oer de útslach, en oer de gefolgen.
    Sierdjan Koster, oarspronkelik fan Ljouwert, is as ekonoom ferbûn oan de Universiteit fan Grins, en hy is op dit stuit op in kongres yn Amearika. Acht jier lyn wenne er dêr, doe wûn Obama foar it earst de ferkiezings. De sfear wie doe ien fan optimisme, dat is no wol oars, seit Koster.

    Fierder yn Weistra op wei fansels it lêste Fryske nijs, it waar en der kin wer stimd wurde op It Slotstik.

    16:07 - Boy George - Everything I Own
    16:15 - Lp - Lost On You
    16:23 - Alicia Keys - If I Ain't Got You
    16:42 - Weima & Van Der Werf - Hjoed Is Fantastysk
    16:52 - Onerepublic - Counting Stars
    17:07 - Boyzone - Picture Of You
    17:18 - Sipke De Boer - Njonken Dy
    17:39 - Taylor Swift - Shake It Off
    17:50 - Abba - The Winner Takes It All
    Harm Weistra

    Weistra op wei

    Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
    (advertinsje)