Weistra op wei fan 9 jannewaris 2018 16:00

    Ljouwert hat, as lêste fan de Fryske gemeenten dy't op 22 novimber weryndielingsferkiezingen hienen, in nij kolleezje. Fjouwer partijen sitte dêr yn: PvdA, CDA, PAL-Grien Links en D66. Wa wurde de wethâlders, en wat sille se dwaan? Yn Weistra op wei hearre je dat ferhaal.

    Promoasje of provokaasje? Yn Grins stean, foarútrinnend op de nijjiersresepsje fan Noard-Nederlân moarn, de grutte letters "love" Fryslân. Dat falt net like goed by elkenien, en de letters binne dan ek ûnderkalke mei griene ferve. Om te toanen dat der wol deechlik noardelike solidariteit is, sille de wethâlder fan Grins en de deputearre fan Grinslân der op fan 'e middei op tasjen dat de letters wer skjinmakke wurde. Merk Fryslân-direkteur Martin Cnossen, eigener fan de letters, laket him yntusken dea. Of toch net?

    Yn it nijs omtinken foar it fûns dat der komme moat foar ynwenners fan Eastermar dy't neat wûn hawwe yn de PostCode-lotterij, en we sille it ha oer de haadredakteur fan it Friesch Dagblad, Hildebrand Bijleveld. Hy stapt nei fjouwer moanne al wer op.

    16:04 - Niall Horan - Too Much To Ask
    16:14 - Ace Of Base - All That She Wants
    16:24 - Weima & Van Der Werf - 't Komt Altyd Wol Goed
    16:35 - Dua Lipa - Be The One
    16:38 - The Killers - Human
    16:48 - Little Steven - Bitter Fruit
    16:53 - Blof & Geike Arnaert - Zoutelande


    17:05 - Miley Cyrus - Malibu
    17:14 - Chumbawamba - Tubthumping
    17:26 - Sytse Haima - Wat Fliksto My No
    17:46 - Monkees - Last Train To Clarksville
    17:48 - Glennis Grace & Edwin Evers - Wil Je Niet Nog 1 Nacht
    17:56 - Jimi Hendrix - Hey Joe
    Harm Weistra

    Weistra op wei

    Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
    (advertinsje)