Weistra op wei fan 9 jannewaris 2017 16:00

    Mei in saneamde Cold Case-kalinder moatte detinearden oerhelle wurde om saken dy't fêstrûn binne fan nije ynformaasje te foarsjen. En sokke saken binne der by de rûs: op de kalinder steane der mar leafst 52, net selden net-oploste moarden. De Marwei yn Ljouwert is ien fan gefangenissen dêr't de detinearden sa'n kalinder krije. Advokaat Tjalling van der Goot fynt it op himsels in goed idee, mar hat ek wol wat krityske kanttekeningen. Hoe betrouber is de ynformaasje fan kriminelen, seker as se dêr tipjild foar krije? Yn Weistra op wei jout Van der Goot syn reaksje.

    De Harnzer wethâlder Hein Kuiken is in prima bestjoerder. Dat fynt alteast it tydskrift Binnenlands Bestuur. Dat nominearre Kuiken foar de titel bêste bestjoerder ûnder de 40 jier. Kuiken is 32, en sit al sûnt syn 21e yn de lokale polityk, en is wol grutsk op de nominaasje. Ek mei him in gesprek yn Weistra op wei.

    De ferslachjouwer is hjoed op de nijjiersgearkomste yn Eaststellingwerf, de gemeente fiert dit jier it 500-jierrich bestean. Dat, mei it lêste Fryske nijs en It Slotstik, hjoed yn Weistra op wei.

    16:05 - Time Bandits - I'm Specialized In You
    16:16 - Calum Scott - Dancing On My Own
    16:39 - Bert Heerink - As In Fugel Sa Frij (Music Night 2009)
    16:48 - Sam Hunt - Take Your Time
    16:55 - Katrina & The Waves - Love Shine A Light
    17:06 - Scissor Sisters - I Don't Feel Like Dancin'
    17:15 - Wiebe Kaspers - Help, Help, Help
    17:24 - Michael Mcdonald - I Keep Forgettin'
    17:38 - Dave Clark Five - You Got What It Takes
    17:46 - Sia Ft. Kendrick Lamar - The Greatest
    17:50 - Lukas Graham - 7 Years
    17:54 - Animals - We've Gotta Get Out Of This Place

    Harm Weistra

    Weistra op wei

    Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
    (advertinsje)