Weistra op wei fan 9 febrewaris 2017 16:00

Dysleksy komt troch minne lessen. Der wurde fiertstente folle bern opsadele mei de diagnoaze dysleksy, der moat op skoalle deagewoan mear stampt wurde. Dat seit dysleksy-heechlearaar Anna Bosman fan de Radboud Universiteit yn Nijmegen. Yn Weistra op wei in gesprek mei Henk Wilbers fan ûnderwiisorganisaasje Cedin. Hy fynt de konklúzje fan de heechlearaar ûnnuansearre. "Elke dei in diktee", sa't Bosman wol, lost it probleem net op, seit Wilbers.

Dizze simmer wurdt yn Grou it teaterstik "Kening fan de Greide" opfierd, in stik oer de feroarings yn it (Fryske) lânskip. Minder kij, minder ljippen, minder blommen, it is betiden suver grien asfalt. Yn Weistra op wei prate we mei ien fan de aktrises dy't dêr oan meidocht, Trudi Klever.

Fierder fansels it lêste Fryske nijs, ferslachjouwer Geert van Tuinen sjocht by in byienkomst oer eksport-ideeën dy't studinten fan de NHL betocht hawwe, en der kin fansels wer stimd wurde op It Slotstik, hjoed stiet sjongeres Aretha Franklin sintraal.

16:06 - Feargal Sharkey - A Good Heart
16:15 - Ed Sheeran - Shape Of You
16:25 - Starland Vocal Band - Afternoon Delight
16:38 - Sytse Haima - Ik Wol Witte
16:47 - Echosmith - Cool Kids


17:06 - Train - Hey Soul Sister
17:14 - Jos Harteveld - Maaike
17:25 - Tom Petty & The Heartbreakers - I Won't Back Down
17:38 - Fontella Bass - Rescue Me
17:48 - Clean Bandit - Rockabye
17:51 - Griet Wiersma - Genietsje Fan Disse Dei
17:53 - Aretha Franklin - I Say A Little Prayer
Harm Weistra

Weistra op wei

Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
(advertinsje)