Weistra op wei fan 9 desimber 2016 16:00

    In protte polityk hjoed yn Weistra op wei. Geert Wilders is skuldich oan mislediging en diskriminaasje, mar krijt gjin straf. Wat betsjut dat? Wat binne de politike gefolgen? En wêrom krijt in oar wol straf, mar Wilders net?

    Yn de rin fan de útstjoering moat ek bekend wurde wa't de nije listlûker fan de Partij van de Arbeid wurdt. It wie ea de grutste partij fan it lân, mar no liket it hast in splinterpartij. Kin in nije listlûker dêr feroaring yn bringe?

    Op it nije Thialf wurdt fan 'e middei de earste grutte wedstryd holden. Riders tinke mei mankelikens werom oan it âlde iisstadion. In kelder, mar wol sfearfol. Koos Wieling is op It Hearrenfean, en hy sjocht werom.

    (ûnderwerpen ûnder foarbehâld)

    Ate de Jong oer de útspraak yn it proses tsjin Geert Wilders

    16:08 - Madonna - True Blue
    16:18 - Weeknd Ft. Daft Punk - I Feel It Coming
    16:40 - Sipke De Boer - Njonken Dy
    17:08 - Boyzone - Picture Of You
    17:15 - Piter Wilkens - De Muntsen
    17:39 - Coldplay - A Sky Full Of Stars
    17:52 - Johnny Cash - Desperado

    Harm Weistra

    Weistra op wei

    Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
    (advertinsje)