Weistra op wei fan 8 juny 2016 16:00

Krityk op Amaryllis

De wurkwize fan de sosjale wykteams yn Ljouwert is neffens ôfspraken dy't makke binne mei de gemeente. Dat seit programmamanager Astrid de Bu fan Amaryllis, de organisaasje fan dy wykteams. De Bu reagearret dêrmei op krityk fan de kliïnteried Werk en Inkomen dy't sy ferwurde yn in brânbrief oan de Ljouwerter gemeenteried. De wykteams soene net goed omgean mei privacygefoelige ynformaasje, net goed tarêd wêze op petearen en de help oan minsken kombinearre mei de kontrôle op de wize wêrop't minsken sels saken ûndernimme.

Bûtenboartersdei

Op de Nasjonale Bûtenboartersdei hearre bern fansels bûten te wêzen. Ferslachjouwer Remco de Vries sjocht fan 'e middei op de Tsjerkebleek yn Akkrum hoe't dat liket by de 450 skoalbern.

Jier langer nei it VMBO

It pleit om it VMBO op te rekken fan fjouwer nei fiif jier is te koart troch de bocht. Der binne wol oare metoaden om it gat tusken it VMBO en it MBO te tichtsjen. Dat fynt lokaasjedirekteur Wytze Algra fan it VMBO fan it Liudger yn Drachten. Hy reagearret dêrmei op it it plan fan de VO-raad, de lanlike koepel fan middelbere skoallen.

Iepen dagen Loftmacht

Fryslân makket him op foar de drokte fan de Loftmachtdagen dit wykein. Der wurde goed 200.000 besikers ferwachte. Omrop Fryslân sjocht op dit grutte barren foarút.

Teaterstik oer ferlies fan in bern

Hoe moatte je as bûtenwrâld omgean mei it fertriet fan ien dy't in bern of in oar dierber persoan ferlern hat? Akteurs Popke van der Zee en Froukje Reitsema makken der it teaterstik 'Foar dy nei dy' oer. Basearre op eigen ûnderfinings, want 17 jier lyn ferdronk Van der Zee syn 2,5 jierrige soantsje yn it wetter foar hûs. En 18 jier lyn ferlear sy har 26 jierrige soan, doet er mei in auto yn it wetter bedarre. It stik wurdt ein septimber opfierd by it wetter fan natoergebiet De Leien by De Rottefalle. Beide fertelle yn de studio harren ferhaal.

16:06 - Wind Earth & Fire - And Love Goes On
16:16 - Enrique Iglesias (Ft. Wisin) - Duele El Corazon
16:24 - Marvin Gaye - How Sweet It Is (To Be Loved By You)
16:44 - Sake - Harlingen
16:53 - Coldplay - A Sky Full Of Stars
17:08 - Bluebells - Young At Heart
17:17 - Alvaro Soler - Sofia
17:38 - Queen - Bicycle Race
17:48 - Inez Timmer - Minsk
17:52 - Iron Maiden - Can I Play With Madness
Share this page on:

Weistra op wei

Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
(advertinsje)