Weistra op wei fan 8 jannewaris 2016 16:00

Hjoed ûnder oaren omtinken foar WTC-ekspo yn Ljouwert. Sûnt oktober foarich jier waarden dêr sa'n 600 flechtlingen opfongen. No binne se oerbrocht nei in njonkenlizzend gebou en kin it WTC him wer tariede op beurzen en eveneminten. As earste de Caravana, dy't op tongersdei 21 jannewaris útein set. Wy binne benijd hoe't dat giet.

De izel is foarby mar hoe komt it mei de frije dagen. In protte minsken koenen ien of mear dagen net op harren wurk komme. Kostet dat de wurknimmer fakânsjedagen of net? CNV-bestjoerder Jan Kampherbeek jout tekst en útlis.

Der kinne twa kear twa frijkaarten wûn wurde foar it nijjierskonsert fan De Wâldsang yn De Flambou yn Surhústerfean.

En wurdt de nije ferdigener Darryl Lachman de rêder fan Cambuur?

16:08 - Human League - Don't You Want Me
16:15 - Lukas Graham - 7 Years
16:23 - Kinks - Waterloo Sunset
16:38 - Sebeare - Lit Us Gean
16:48 - Stromae - Tous Les Memes
17:08 - Incognito (Ft. Jocelyn Brown) - Always There
17:18 - Dotan - Let The River In
17:37 - Linda Ronstadt - It's So Easy
17:43 - Gurbe Douwstra - As It Myn Tiid Is
17:50 - Alain Clark - Love Is Everywhere
17:54 - Beatles - Here Comes The Sun
Share this page on:

Weistra op wei

Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
(advertinsje)