Weistra op wei fan 8 febrewaris 2018 16:00

    De ferskillen yn huzepriizen binne foarich jier noch grutter wurden, sa docht bliken út sifers fan it CBS. De djoerste huzen stean yn plakken as Bloemendaal en Wassenaar, de goedkeapste yn Delfsyl èn op It Bilt. Hoe't dizze trend him sa ûntwikkelje koe, fertelt Floris Jansen fan it CBS yn Weistra op wei.

    Al in skoft ferset filmprodusint Klaas de Jong (fan ûnder oaren Michiel de Ruyter) him tsjin it yllegaal downloaden fan films. Dat kostet de filmsektor miljoenen, stelt De Jong. Hjoed tsjinnet syn saak foar de rjochter, we hearre fan him hoe't dat gie.

    Mear as 2000 boerebedriuwen wurde beskuldige fan fraude as it giet om de registraasje fan melkkij. Der mei gjin fee mear oan- en ôffierd wurde. Heechlearaar Strijker fan de Ryksuniversiteit yn Grins freget him lykwols ôf oft it hjir wol om fraude giet. Ek mei him in petear.

    En we prate mei de ferneamde fioeliste Simone Lamsma, se stiet op alle ynternasjonale poadia, en moarn yn Ljouwert. De fan oarsprong Burgumer muzikante fynt it spitich dat se yn it Kulturele Haadstêdjier gjin rôl fan betsjutting krigen hat.

    Dat, mei de fêste saken, yn Weistra op wei.

    16:06 - Camila Cabello Ft. Young Thug - Havana
    16:13 - Don Henley - The Boys Of Summer
    16:23 - French Connection - Iselmar
    16:36 - Ellie Goulding - Love Me Like You Do
    16:45 - Gnarls Barkley - Crazy
    16:48 - Janet Jackson - Together Again
    17:05 - Jonas Blue - Mama
    17:14 - Marillion - Kayleigh
    17:25 - Wiebe - Sjoch It Ljocht
    17:37 - Pink - Beautiful Trauma
    17:49 - Supertramp - The Logical Song
    17:54 - Survivor - Eye Of The Tiger

    Harm Weistra

    Weistra op wei

    Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
    (advertinsje)