Weistra op wei fan 7 novimber 2017 16:00

    It wie in rare moandei, dy 24e july, foar Rina Bouma út Oranjewâld. Op wei nei in begraffenis waard de 69-jierrige frou biten troch in losrinnende jachthûn, en de ferwûnings liichden der net om. De eigner wie in plysjeman fan It Hearrenfean, mar dy sei neat sjoen te hawwen. Mar it wie wol dyselde plysje dy't de Bouma's ôfholde fan it dwaan fan oanjefte. De plysje hat no tajûn dat se fout sieten, mar foar Bouma is it dêrmei net oer. "Ik wol ekskuzes", seit Bouma. We prate fannemiddei mei him, yn Weistra op Wei.

    De nije minister fan ûnderwiis, Arie Slob (CU), makket in minne start. Dat fynt de PO-Raad, de belangeorganisaasje foar it basisûnderwiis. Yn striid mei alle plannen om de wurkdruk yn it primêr ûnderwiis te ferleegjen komt it kabinet no toch mei ekstra besunigings. "Verbijsterend" neamt PO-Raad-bestjoerder Albert Helder dit. Yn Weistra op Wei leit er út werom.

    Dat, mei it lêste Fryske nijs, it waar en trije platen foar It Slotstik, yn Weistra op Wei.

    16:05 - Justin Bieber & Bloodpop - Friends
    16:12 - Alanis Morissette - You Learn
    16:23 - Killers - Human
    16:37 - Zedd & Alessia Cara - Stay
    16:45 - Piter Wilkens - Liwwadder Blues
    16:53 - Bangles - Walk Like An Egyptian
    17:07 - Ellie Goulding - Still Falling For You
    17:16 - Mr. Big - To Be With You
    17:25 - Agnes Sambrink - Muzyk
    17:46 - Anouk - Three Days In A Row
    17:52 - Scorpions - Wind Of Change
    Harm Weistra

    Weistra op wei

    Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
    (advertinsje)