Weistra op wei fan 7 juny 2017 16:00

Hurdriders kinne der mar om tinke: de plysje begjint nei twa jier wer mei flitsen. In proef dy't yn Fryslân útfierd is, lit sjen dat soks goed wurket. Op in tal 80 km-diken is tanksij mobyl flitsen it tal ûngelokken mei 21 persint ôfnaam. Fraach is fansels wol hoe bliuwend it effekt is. Dêr prate we oer mei Hans Zwart fan de plysje Noard-Nederlân.

Omrop Fryslân begjint op 19 juny mei in nije rige bysûndere TV-programma"s: Fiel de Nacht. Dêryn praat presintator Bart Kingma in nacht, acht oeren lang live mei in gast, op in spesjale lokaasje: in dún op it Amelân. Yn Weistra op wei fertelt Kingma oer it projekt, èn hy fertelt wa't syn fiif gasten (elke nacht ien) wurde.

Ferslachjouwer Onno Falkena meldet him fanôf de Ofslútdyk, optheden in struktureel plak fan opûnthâld. En fierder fansels it lêste Fryske nijs, It Slotstik, en it waar.

16:05 - Dennis Edwards & Siedah Garrett - Don't Look Any Further
16:13 - Chainsmokers & Coldplay - Something Just Like This
16:22 - Amii Stewart - Knock On Wood
16:39 - Bricquebec - Lit My Mar Rinne
16:47 - Ronde - Why Do You Care
16:51 - Golden Earring - Twilight Zone
16:56 - Avicii - Addicted To You
17:05 - James Morrison - Wonderful World
17:13 - Piter Wilkens - Sietse De Vries
17:21 - Pretenders - Message Of Love
17:35 - Doors - Light My Fire
17:42 - Bruno Mars - That's What I Like
17:47 - Nielson - Sexy Als Ik Dans
17:51 - Tubeway Army (Gary Numan) - Are 'friends' Electric
Harm Weistra

Weistra op wei

Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
(advertinsje)