Weistra op wei fan 7 juny 2016 16:00

It kin hjoed wolris is histoaryske dei yn de Amearikaanske presidintsferkiezings wurde at Hillary Clinton kandidaat foar har Demokratyske Partij wurdt. Har rivaal, Bernie Sanders, jout lykwols de striid mar net op. Bianca Pander fan De Jouwer folget de striid op 'e foet. Yn Weistra op Wei in tuskenstân fan in ferkiezingskampanje dy't noch nea sa ûnfoarspelber west hat as dizze.

Lucie Tuininga wurket by Tinz, in gearwurkingsferbân yn de soarch dat him rochtet op de begelieding fan minsken mei dementy. Foar Lucy wie der hjoed in boskje blommen, as wurdearring foar har wurk, mar tagelyk jûch it har in dûbbel gefoel: oer in healjier hâldt Tinz op fan bestean.

Fierder yn Weistra op Wei omtinken foar in banebeurs foar 50-plussers, yn it Slotstik kin wer keazen wurde út trije platen en fansels it lêste Fryske nijs.

16:07 - Paul Mccartney - Say Say Say
16:15 - Dua Lipa - Be The One
16:25 - Aretha Franklin - I Say A Little Prayer
16:40 - Bricquebec - Lit My Mar Rinne
16:48 - Dotan - Home
17:07 - Roxette - Joyride
17:17 - Adele - Send My Love (To Your New Lover)
17:38 - Peter Frampton - Show Me The Way
17:49 - Madonna - Hung Up
17:53 - Harpo - Moviestar
Share this page on:

Weistra op wei

Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
(advertinsje)