Weistra op wei fan 7 july 2016 16:00

Dûkers fan boppe de fyftich moatte elts jier in medyske keuring ûndergean. Dat wol de Nederlandse Onderwatersport Bond. Oanlieding binne trije resinte deadlike ûngelokken. Yn Weistra op wei in petear mei Rick Gerritsen, hy is as dûkmedysk dokter ferbûn oan Duicentrum Leonardo yn Ljouwert. Hy pleatst wol wat krityske kanttekens by it plan fan de Onderwatersportbond. En hoe gefaarlik IS dûken eins?

Yn Weistra op wei ek in ynterview mei supermodel Doutzen Kroes. Sy set har yn foar it miljeu op de Waadeilannen. As lyts famke kaam se op Skylge, en noch altyd nimt se in plestik pûdsje mei om rommel op it strân op te romjen. Yn in nije kampanje wol se dat oaren ek bybringe.

Fierder yn Weistra op wei omtinken foar it FarmFest Summerfestival yn Aldetrine, it Slotstik giet oer hapgrage bisten, en we ha fansels it lêste Fryske nijs foar je.

16:07 - Katrina & The Waves - Walking On Sunshine
16:15 - Dnce - Cake By The Ocean
16:23 - Kurt Nilsen - She's So High
16:38 - Sipke De Boer - It Lan Fan Mar En Wille
16:47 - Duke Dumont - Ocean Drive
16:52 - Doors - Light My Fire
17:07 - Hessel - Power Of Love
17:16 - Inez Timmer - Minsk
Diel dit berjocht op:

Weistra op wei

Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen fan 16.00 oant 18.00 oere.
(advertinsje)