Weistra op wei fan 7 april 2017 16:00

Swiere tiden foar Fryske sportklups. It (sponsor)jild klotst op it stuit net bepaald tsjin de plinten. De Ljouwerter basketbalploech fan Aris is it meast resinte foarbyld, haadsponsor Univé hâldt der mei op, en in nije is noch net fûn. Ek de fuotbalfroulju fan SC Hearrenfean en de follybalfroulju fan Snits ha te meitsjen mei lytse budzjetten. Werom wol it mar net slagje om foldwaande finansjele earmslach te krijen? We lizze dizze fraach foar oan sportmarketeer Jan van Erve. Hy fynt dat de lokale en provinsjale oerheden in folle aktivere spylje moatte.

Tsientallen akteurs, sjongers en dûnsers dogge yn Tytsjerk dizze dagen mei oan It Paad nei de Frijheid, in kuier troch it doarp by neispile tafrielen út de Twadde Wrâldoarloch del. Ferslachjouwer René Koster rint fan 'e middei yn Weistra op wei in eintsje mei.

De Ljouwerter advokaat Bart Canoy sil it yn syn wyklikse rubryk ha oer de fraach oft de plysje samar alle gegevens út in mobile telefoan helje mei. Fierder fansels it lêste Fryske nijs -ûnder oaren oer de twadde grutte hoarekabrân yn Grou yn koarte tiid- en yn It Slotstik kin stimd wurde op in plaat oer "heiten".

16:05 - A-Ha - Take On Me
16:12 - Ed Sheeran - Shape Of You
16:21 - Gloria Gaynor - Never Can Say Goodbye
16:37 - Rauzer - De Ballen
16:48 - Dotan - Home
17:06 - Westlife - Uptown Girl
17:14 - Wiebe - Flean Marianne, Flean
17:23 - Fleetwood Mac - Little Lies
17:39 - Beatles - All My Loving
17:47 - Gavin James - Nervous (The Ooh Song)
17:50 - Coldplay - Don't Panic
17:53 - Les Humphries Singers - To My Father's House

Harm Weistra

Weistra op wei

Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
(advertinsje)