Weistra op wei fan 6 desimber 2017 16:00

Shorttracker Dennis Visser fan De Lemmer giet nei de Olympyske Spelen. Dat is hjoed bekend wurden. Yn Weistra op Wei folle mear oer de foarse Fryske ynbring yn it shorttrack op de Winterspelen.
Grien Links fierde fannemoarn aksje tsjin de intercity, dy't stasjons as Grou/Akkrum aanst oerslacht. De aksje gie net sûnder problemen: de groep waard troch de Spoorweg-plysje fan it perron stjoerd. We ha kontakt mei Grien Links-riedslid Gerrie Rozema.
Dan komt de gemeenteried fan Menameradiel moarn foar it lêst gear. Letter dizze moanne sil der noch in feestlike byienkomst wêze, sa flak foar de weryndieling yn Waadhoeke. Foar waarnimmend boargemaster Theunis Piersma is it "gesneden koek", hy wie ommers jierren lyn ek de lêste boargemaster fan -doe noch- Wûnseradiel.
Fierder fansels it lêste Fryske nijs, waar en ferkear, èn Frânske muzyk yn It Slotstik.

16:07 - Vanvelzen - Baby Get Higher
16:14 - Sam Smith - Too Good At Goodbyes
16:23 - Clarence Clemense & Jack Brown - You're A Friend Of Mine
16:41 - Jonas Blue Ft. Dakota - Fast Car
16:51 - Reboelje - Marije Maria
17:05 - Years & Years - King
17:16 - Julian Lennon - Too Late For Goodbye
17:24 - Moloko - Sing It Back
17:42 - Laura Fygi - Sleigh Ride
17:49 - Blof & Geike Arnaert - Zoutelande
17:55 - John Hallyday - Tes Tendres Annees

Harm Weistra

Weistra op wei

Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
(advertinsje)