Weistra op wei fan 6 april 2017 16:00

De Brexit hat in noch hiel oar, ûnferwacht gefolch: foar de minderheidstalen yn it Feriene Keninkryk driigje swiere tiiden. Talen as it Welsk, it Gaelic en it Cornish wurde no noch beskerme (en ek foar in part finansierre) troch de Europeeske Uny, mar dat is dien as it UK de Europeeske Mienskip yn 2019 ferlit. Ferslachjouwer èn minderheidstale-kenner Onno Falkena docht ferslach oer in saak dy't in protte Friezen ek oan it hert giet. Sjoch foar mear ynformaasje ek yn ús Europablog.

Oer taal sprutsen: rappers behearskje it Nederlânsk soms better as bekende skriuwers. Dat ha trije ûndersikers besifere. It giet dan om de omfang fan de wurdskat, mar faaks ek om de fernijende kwaliteiten dy't "nederhoppers" oan de dei lizze, ek al wurde betiden Ingelske wurden ien-op-ien oerset ("motherfuckers" wurdt dan "moederneukers"). Harry Mulisch sil him yn syn grêf omdraaie, yn Weistra op wei jout de Fryske rapper Remon syn miening.

Ferslachjouwer Willem de Vries is yn Drachten by de útrikking fan medaljes oan feteranen dy't meidien ha oan militêre missys, en fierder fansels it lêste Fryske nijs èn It Slotstik.

Onno Falkena oer de gefolgen fan Brexit foar de minderheidstalen yn Grut-Bretanje

  • Onno Falkena oer de gefolgen fan Brexit foar de minderheidstalen yn Grut-Bretanje

16:04 - Alphaville - Big In Japan
16:12 - Katy Perry Ft. Skip Marley - Chained To The Rhythm
16:21 - Chi Coltrane - You Were My Friend
16:38 - Sipke De Boer - Njonken Dy
16:46 - Adele - Send My Love (To Your New Lover)
16:54 - Queen & George Michael - Somebody To Love (Live)
17:05 - Of Monsters And Men - Little Talks
17:14 - Sytse Haima - Ik Wol Witte
17:22 - Dionne Warwick - Heartbreaker
17:38 - James Brown - I Got You (I Feel Good)
17:41 - Zayn & Taylor Swift - I Don't Wanna Live Forever
17:53 - Ben Cramer - De Clown

Harm Weistra

Weistra op wei

Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
(advertinsje)