Weistra op wei fan 5 oktober 2017 16:00

    Ein ferline jier rekke wethâlder Durk Stoker fan Súdwest-Fryslân flak by syn wenplak belutsen by in ûngelok: mei syn motor gie er ûnderút, hy rekke ferwûne en koe in skoft net oan it wurk. De skea wol Stoker no ferhelje op syn eigen gemeente. Dat is apart, fynt Gemeentebelangen. Stoker hie diken yn portefúlje, en krekt it grit op de dyk hat it ûngelok feroarsake. Klaas Jan Semplonius fan Gemeentebelangen sil dêr jûn fragen oer stelle yn de ried, yn Weistra op wei leit er út werom. Is hjir in politike rel yn 'e maak, sa flak foar de ferkiezings?
    Rotterdam hat in wrâldprimeur mei in saneamd "floating farm", in echte melkfeehâlderij op driuwende pontons. Der is ynternasjonale belangstelling foar dit ynnovative idee, dat diels betocht is troch Friezen. Yn Weistra op wei in gesprek mei Minke van Wingerden, oarsponkelik fan De Jouwer. "Dit is de takomst".

    Fierder fuotbal: Furdjell Narsingh is werom by Cambuur, we sjogge noch even by it kongres oer Sirkulêre Ekonomy yn Easterwâlde, en fansels omtinken foar de grutte ûnderwiisstaking dy't hjoed hâlden wurdt. Dat, mei it waar, ferkear en It Slotstik, yn Weistra op wei.

    16:06 - Calvin Harris - Feels
    16:15 - Tasmin Archer - Sleeping Satelite
    16:24 - Eddy Dykstra & Sons - De Mem Fan Doutzen
    16:38 - Tom Petty & The Heartbreakers - Free Fallin'
    16:48 - Lost Frequencies Ft. Janieck Devy - Reality
    17:06 - Charlie Puth - Attention
    17:14 - Total Touch - Touch Me There
    17:37 - Sipke De Boer - Fryslan
    17:47 - Maroon 5 - Don't Wanna Know
    Harm Weistra

    Weistra op wei

    Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
    (advertinsje)