Weistra op wei fan 5 oktober 2016 16:00

    It wurk fan de wykferienings, seker yn Ljouwert, is de lêste jierren bot feroare. Sa dogge de bewenners fan de wyk Bilgaard folle mear sels, en mei in frijwilligersbestân fan sawat 150 minsken giet dat bêst. Moarn sil foarsitter Tineke Damsma in tal kongresgongers troch har wyk liede, yn Weistra op wei fertelt se wêr't se grutsk op is -en wat oars moat.

    Ferslachjouwer Onno Falkena sit dizze wike yn it Europeesk Parlemint, wêr't ûnder oaren praat wurdt oer fiskerij, of leaver oer fangstbeheining. Fan syn hân fannemiddei ek in bijdrage.

    Fierder yn Weistra op wei omtinken foar alkohol, út resint ûndersyk docht bliken dat dit probleem, ek yn Fryslân, noch altyd bot ûnderskat wurdt; we sille it ha oer Bolletongersdei -moarn yn Boalsert- en yn It Slotstik kin wer stimd wurde op in plaat, hjoed giet it oer spikerbroeken.

    16:07 - Spandau Ballet - Only When You Leave
    16:16 - Timeflies - Once In A While
    16:24 - Colbie Caillat - Bubbly
    16:43 - Mariusz & De Muzikanten - Langjend Nei Dy
    16:52 - Omi - Cheerleader
    17:07 - Sixpence None The Richer - Kiss Me
    17:18 - Sake - Broken
    17:42 - Kensington - Done With It
    17:50 - Sam Feldt X Lucas & Steve (Ft. Wulf) - Summer On You
    17:53 - Dr. Hook - Baby Makes Her Blue Jeans Talk
    Harm Weistra

    Weistra op wei

    Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
    (advertinsje)