Weistra op wei fan 5 maart 2015 16:00

    Hjoed yn Weistra op wei in diskusje oer fleane nei de Waadeilannen. Heechlearaar Jouke van Dijk fan de Waadakademy hat woansdei besocht in seal fol rekreaasje-ûndernimmers yn Dokkum hjirfoar entûsjast te meitsjen. De mienings binne lykwols ferdield. Mar it soe samar kinne op Lauwerseach; in fleanticket keapje yn plak fan in boatkaartsje. Harm praat hjiroer mei Jouke van Dijk en mei Jojanneke Drijver fan de Waadferiening, dy’t neat yn it plan sjocht.

    Dêrneist in petear mei Adrie Warmenhoven fan it Keninklike Eise Eisinga Planetarium yn Frjentsjer. It museum rekket har bysûndere Astro Clock kwiit. Se hienen de astronomyske klok twa jier yn brûklien, mar no is hy ferkocht foar 51.000 euro. Spitich, fynt de direkteur fan it museum.

    Fierder is ferslachjouwer Willem de Vries by skilder en keunstner Jentsje Popma. Hy hat syn atelier yn Ljouwert en alle skilderijen en keunstwurken skonken oan Stifting Nijkleaster. Bêst bysûnder, want meast bart soks pas as ien ferstoarn is. Wêrom docht Popma dit?

    16:09 - Robbie Williams - Candy
    16:19 - Swartbunt - It Sil Stoarmje
    16:38 - Miss Montreal - Tututu
    16:46 - Swing Out Sister - Am I The Same Girl
    16:54 - Ryan Shaw - Working On A Building Of Love
    17:09 - Of Monsters And Men - Little Talks
    17:19 - Diff - Jealousy
    17:37 - David (Ft Sam Martin) Guetta - Dangerous
    17:45 - Nits - In The Dutch Mountans
    17:50 - Adventures Of Stevie V. - Dirty Cash
    Harm Weistra

    Weistra op wei

    Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
    (advertinsje)