Weistra op wei fan 5 maaie 2017 16:00

    Yn dizze Weistra op wei sjogge we op it befrijingsfestival yn Ljouwert. It is net allinnich feest, ek ferskate ideeële organisaasjes presentearje harsels. Ferslachjouwer René Koster is fan 'e middei yn de Prinsetún en op de Grienewei, en praat dêr mei besikers en standhâlders, oer de betsjutting fan fiif maaie.

    De Ljouwerter advokaat Bart Canoy is ek wer te gast, mei him prate we oer de rjochtspraak nei de befrijing yn 1945. Offisier fan justysje Michiel Severein hat in boek skreaun oer de berjochting fan kollaborateurs. Hy hat alle útspraken dy't troch de rjochtbank yn Ljouwert dien nochris neisjoen, en kaam ta de konklúzje dat de measte prosessen earlik ferrûn binne.

    Fierder fansels it lêste Fryske nijs, it waar, en der kin wer stimd wurde op trije platen yn It Slotstik.

    16:08 - Wang Chung - Dance Hall Days
    16:18 - Katy Perry Ft. Skip Marley - Chained To The Rhythm
    16:34 - Sipke De Boer - Njonken Dy
    16:42 - Clean Bandit Ft. Jess Glynne - Rather Be
    16:47 - Vangrail - Laat De Muziek Aan
    17:07 - Ronan Keating - Lovin' Each Day
    17:15 - Aswad - Don't Turn Around
    17:18 - Jos Harteveld - Maaike
    17:35 - Kensington - Bridges
    17:45 - John Legend - Love Me Now
    17:50 - Ronettes - Baby I Love You
    17:53 - Griet Wiersma - Frijheid Kin Men Net Keapje

    Harm Weistra

    Weistra op wei

    Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
    (advertinsje)