Weistra op wei fan 5 juny 2015 16:00

    Op 15 juny moat in man út De Trieme foar de rjochter ferskine fanwege in wol hiel bysûndere saak: hy hâldt thús seehûnen. Dat mei net, de seehûn is in beskerme bistesoart, mar der sit in prinsipiële kant oan de saak: de man is in âld-meiwurker fan de seehûnekresj yn Pieterburen en it folslein ûniens mei it nije belied dêr. Yn Weistra op wei in petear mei syn advokaat, Tjalling van der Goot. Durk Greidanus fan Frjentsjer hat him pleatst foar de WK stockcarraces, yn septimber yn Ingelân. Yn Weistra op wei fertelt er oer syn kânsen op dit grutte toernoai. En hoe komt it mei it jild? Fierder is moarn yn Droegeham de Taptoe, ek dêroer mear, en fansels it Fyske nijs. De presintaasje is yn hannen fan Diana de Groot.

    16:09 - Brendan Peyper - Stop, Wag, Bly, Nog 'n Bietjie
    16:17 - Maitre Gims - J'me Tire
    16:40 - Mumford & Sons - Babel
    16:48 - Tim Knol - Gonna Get There
    17:09 - James Morrison - Wonderful World
    17:20 - Ellie Goulding - Love Me Like You Do
    17:41 - Donna Summer - Bad Girls
    17:49 - Wham! - Club Tropicana
    Harm Weistra

    Weistra op wei

    Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
    (advertinsje)