Weistra op wei fan 5 july 2016 16:00

    Ferpleechhuzen hawwe hâlden en kearen om de holle boppe wetter te hâlden. Mei as gefolch fan oanhâldende besunigings prestearje in protte ynstellings ûnder de maat. Fiif tehuzen yn Fryslân falle neffens de Ynspeksje yn dy minne kategory. Ien dêrfan is Leppehiem yn Akkrum. Bestjoerder Evert Fokkema leit út hoe't it neffens him krekt sit.

    Dan gean de gersbaanraces yn Noardwâlde dit wykein net troch. It raceterrein is fierstente wiet. Hoe giet de organisaasje eins om mei de gefolgen fan de ekstreme waarsomstannichheden -want dy sille har hieltyd faker foardwaan.

    Dan sil Soli Brass moarn in iepenloftkonsert jaan yn de Blokhúspoarte yn Ljouwert, je kinne wer stimme op It Slotstik -hjoed oer de santichjierrige bikiny- en fansels it lêste nijs út Fryslân.

    16:06 - Vitesse - Rosalyn
    16:15 - Justin Timberlake - Can't Stop The Feeling
    16:25 - Anouk - Birds
    16:40 - Eddy Dykstra - Efkes Werom
    16:51 - Years & Years - King
    17:06 - Moloko - Sing It Back
    17:14 - Vangrail - Naar De Zee
    17:24 - Barbra Streisand - Woman In Love
    17:37 - Talk Talk - It's My Life
    17:44 - Justin Bieber - Love Yourself
    Harm Weistra

    Weistra op wei

    Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
    (advertinsje)