Weistra op wei fan 4 oktober 2017 16:00

    It hat lang duorre, mar yn it bûtengebied fan Fryslân sil no ek glêsfezel oanlein wurde. Hoe belangryk dat is, fertelt boer Tjalsma yn Friens fannemiddei yn Weistra op wei. As hy syn bedriuwsgevens nei it suvelfabryk maile moat, kin de tillefysje yn 'e hûs net mear oan.

    As Ljouwert/Fryslân takom jier Kulturele Haadstêd is, sil der hiel faak in berop dien wurde op de frijwilligers fan it Reade Krús. En sy ha it al sa drok, want it tal eveneminten nimt elk jier ta. Yn oktober wurdt der kampanje fierd foar nije meiwurkers, want dy binne wol nedich, sa fertelt Willem Boorsma yn Weistra op wei.

    Dan it ferhaal fan Nathan Piller. As lyts Joadsk jonkje siet hy yn 'e oarloch ûnderdûkt yn Landgraaf (Limburch). Troch ferried is de oardel jier âlde Nathan troch de Dútsers meinommen, mar dêrnei ûntbrekt elk spoar fan him. Der is reden om oan te nimmen dat Nathan nei Fryslân brocht is, en dat er dêr yn in ûnderdûkgesin opnommen is. Amateur-histoarikus Frits van Hoorne siket al jierren nei Nathan, en freget no de help fan Friezen dy't mooglik wat witte. "Het zou een wonder zijn", seit Van Hoorne.
    Wa't wat wit: fjhoorne@home.nl.

    Dat, mei it lêste Fryske nijs, waar èn trije platen yn It Slotstik.

    16:06 - Script - Rain
    16:15 - Eagle Eye Cherry - Save Tonight
    16:25 - Twarres - De Juste Snaar
    16:42 - Ronde - Why Do You Care
    16:51 - Carly Rae Jepsen - Call Me Maybe
    17:08 - Justin Bieber & Bloodpop - Friends
    17:16 - Depeche Mode - Enjoy The Silence
    17:24 - Shawn Mendes & Camila Cabello - I Know What You Did Last Summer
    17:41 - Syb Van Der Ploeg & Piter Wilkens - Leven Van De Wind
    17:54 - Golden Earring - Long Blond Animal
    Harm Weistra

    Weistra op wei

    Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
    (advertinsje)