Weistra op wei fan 4 maart 2015 16:00

Yn Weistra op wei in wiidweidich petear mei regisseur Steven de Jong oer it ferstjerren fan akteur Rense Westra. De Jong wie de ôfrûne wike geregeld by Westra yn it sikehûs doe't it al hiel min mei him gie. Hy sil fierder yngean op de bysûndere bân dy't se meimekoar hienen. In freonskipsbân dy't 20 jier lyn ûntstie. Steven de Jong hâldt him ek dwaande mei it lêste ôfskied fan Rense Westra en sil fertelle hoe't dat der freed en sneon út komt te sjen.

Fierder giet Harm Weistra yn petear mei ekonoom en columnist Marcel Canoy foar de rubryk 'Wêr moatte we hinne'. No freed hâldt Canoy yn Ljouwert in lêzing oer in eksperimint mei it basisynkommen.

Ek prate we oer de sûne fuotbalkantine fan VV Hearrenfean. It is inisjatyf fan de bekende sportpresintator en âld-Ljouwerter Wilfred Genee.

16:09 - Nielson - De Kleine Dingen
16:18 - Souldada - Blau Fan Dagen
16:40 - 3Js - Kom
16:49 - Tom Petty - Into The Great Wide Open
17:08 - Scissor Sisters - I Don't Feel Like Dancin'
17:16 - Ryan Paris - Dolce Vita
17:24 - Rihanna Feat Kanye West & Paul Mccartney - Four Five Seconds
17:40 - Pretenders - Brass In Pocket
17:52 - Gerrit Breteler - Lit Us Derom Drinke
Share this page on:

Weistra op wei

Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
(advertinsje)