Weistra op wei fan 4 juny 2015 16:00

    By FrieslandCampina yn Ljouwert ferlieze de kommende trije jier tusken de 125 en 145 minsken harren arbeidsplak. Dit op in totaal fan de 852. It giet dan om 60 oant 70 minsken mei in fêste arbeidsoerienkomst en 40 oant 45 útstjoerkrêften. Sa'n 25 arbeidsplakken falle fuort troch natuerlik ferrin. FrieslandCampina is dwaande mei in effisjinsjeslach en wol de kosten fan de produksje omleech bringe. De ûndernimmingsried is om advys frege en de fakbûnen binne ynljochte. Yn Weistra op wei it lêste nijs hjiroer.

    De rjochtsaak tsjin in 26-jierrige man út Roemenië, dy't fertocht wurdt fan belutsenens by de moard op Omar Kourrick út Amsterdam, is hjoed. It lichem fan Kourrick waard twa jier lyn fûn by de Tsjûkemar. Foarbygongers seagen it ferbaarnde lichem lizzen en warskôgen de plysje. Ferslachjouwer Auke Zeldenrust is der de hiele dei by. Fan 'e middei yn Weistra op wei alles oer de saak.

    Live-ferslachjouwer Willem de Vries is fan 'e middei yn Westergeast. Dit doarp bestiet 1250 jier. Dit wykein binne der tal fan aktiviteiten. En dat begjint jûn mei in strjitfestival en sneon is der ûnder oaren in reüny.

    Douwe de Vries fan De Jouwer is hjoed aktyf by Alpe d'Huzes. Tûzenen fytsers en kuierders beklimme hjoed de Alpe d'Huez sa faak mooglik om sa jild op te heljen foar de kankerbestriding. Douwe de Vries docht it as neitins oan syn maat Wybe, dy't ferline jier stoarn is oan in hersentumor. Team Wybe is om healwei fiven fan 'e moarn begongen op de fyts en dêrnei giene se de berch rinnende op. Se besykje sa faak mooglik boppe te kommen. Team Wybe hat oant no ta al 45.000 euro ophelle foar it goede doel. Yn Weistra op wei sykje we fan 'e middei efkes kontakt mei Douwe de Vries oer it ferrin fan de dei.

    16:09 - William Seen's Transport Music - Standing Here With My Car
    16:22 - Caro Emerald - Quicksand
    16:44 - Katy Perry - Roar
    17:09 - Peter Fox - Haus Am See
    17:17 - Gurbe Douwstra - As It Myn Tiid Is
    17:37 - Maroon 5 - Sugar
    17:46 - Bigband Friesland En Maaike Kamp - Dyn Eigen Wiis (Radio Edit)
    17:50 - Drs. P - Knolraap En Lof, Schorseneren En Prei
    Harm Weistra

    Weistra op wei

    Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
    (advertinsje)