It liket suver in stoer plan: pak djoere saken ôf fan minsken dy't se -mooglik- fia kriminaliteit yn besit krigen ha. De plysje fan Rotterdam wol Rolexen en djoere jassen ynnimme, as net dúdlik is hoe't de eigner se krigen hat. Toch is net elkenien te sprekken oer dizze "preventive pluk-ze"-maatregel. Advokaat Bart Canoy fan Ljouwert seit dat dizze maatregel hielendal neat mei kriminalteitsbestriding te meitsjen hat. Canoy is te gast yn Weistra op Wei.
Kommende snein is in bysûndere ôflevering te sjen fan Andere Tijden Sport. Foar dit programma binne trije Alvestêdetocht-winners, Reinier Paping, Evert van Benthem en Henk Angenent, ôfreizge nei it winterske Kanada. Yn Weistra op Wei in gesprek mei de regisseur Dirk Jan Roeleven, ûnder oaren oer it feit dat gjin fan dizze trije fenomenen in Fries is.
Ferslachjouwer Willem de Vries sjocht yn it kafé fan Wergea. Dat wie mei de feestdagen even iepen, op inisjatyf fan it doarp sels. No wurdt der wachte op in definitive fergunning, want dat is wat Wergea wol.
Fierder yn Weistra op Wei it lêste Fryske nijs, waar en muzyk, en yn It Slotstik kin hjoed stimd wurde op trije platen dy't mei de bus te meitsjen hawwe.