Weistra op wei fan 31 oktober 2017 16:00

    It stasjon is foar minsken mei in fisuele handikap in drama. In protte leven, elkenien drok en dan moatte je ek nochris sykje om de goede trein. Fan hjoed ôf binne no ek alle lytsere stasjons better tagonklik foar bline en min-sjende minsken. Hilda Snippe fan Ljouwert hat meiwurke oan dy tagonklikheid, yn Weistra op wei in gesprek mei har.
    Ek brilleman Leo Copini fan Ljouwert hâldt him dwaande mei (minne) eagen. Foar de stifting Zienderogen wie er koartlyn yn Moldavië. Dêr hat er fan sawat 1100 minsken yn it earme lân de eagen screend. Ien fan harren wie in bussjauffeur mei min seis oan beide eagen, dy't sûnder bril ried. Yn Weistra op wei fertelt Copini syn ferhaal.
    Dan is boartersparadys Balorig yn Aeolus yn Seisbierrum hjoed foar it alderlêst iepen, ferslachjouwer Willem de Vries is dêrhinne, en fierder fansels it lêste Fryske nijs, it waar èn der kin wer stimd wurde foar It Slotstik.

    16:07 - Jonas Blue - Mama
    16:14 - Corrs - Breathless
    16:22 - Bertolf - Another Day
    16:39 - Lost Frequencies Ft. Janieck Devy - Reality
    16:47 - De Kast - Moarn Sil De Sinne Skine
    16:55 - Lisa Stansfield - All Around The World
    17:08 - Charlie Puth Ft. Meghan Trainor - Marvin Gaye
    17:17 - Joshua Kadison - Jessie
    17:37 - Nynke Laverman - Seis Oere Thus
    17:48 - Chainsmokers & Coldplay - Something Just Like This
    17:55 - Bryan Adams - Can't Stop This Thing We Started

    Harm Weistra

    Weistra op wei

    Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
    (advertinsje)