Weistra op wei fan 31 maart 2017 16:00

Bern moatte bûten boartsje. Net achter de playstation, mar hutten bouwe, fjoerkes stoke en yn beammen klimme. Dat is yn 't koart de strekking fan in nije kampanje, "met een beetje risico komen ze er wel". It giet dan om it saneamde "risicovol spelen", 79 persint fan de heiten en memmen wol dat har bern dat dogge, al is de praktyk faak oars. Hoe dogge je dat? Gé-An Scheper fan Akkrum is opfoedkundige en fertelt deroer, yn Weistra op wei.

Harry van der Molen ferruilet it wethâlderskip yn Ljouwert foar in baan as Twadde Keamerlid foar it CDA. Fan 'e middei nimt er ôfskied fan syn âlde funksje, ferslachjouwer René Koster giet nei de ôfskiedsresepsje.

Fierder de wyklikse rubryk fan advokaat Bart Canoy, it lêste Fryske nijs, en fansels It Slotstik.

16:05 - King - Love And Pride
16:14 - Chainsmokers & Coldplay - Something Just Like This
16:22 - Starland Vocal Band - Afternoon Delight
16:38 - Pigmeat - De Alde Boekebeam
16:46 - R. City Ft. Adam Levine - Locked Away
16:50 - Robert Palmer - I'll Be Your Baby Tonight
16:54 - Toontje Lager - Stiekem Gedanst
17:07 - Owl City & Carly Rae Jepsen - Good Time
17:16 - Piter Wilkens - De Dowestien
17:37 - Doors - Light My Fire
17:44 - Ed Sheeran - How Would You Feel (Paean)
17:50 - Queen - You're My Best Friend
17:53 - Nash Crosby, Stills & Young - Teach Your Children

Harm Weistra

Weistra op wei

Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
(advertinsje)