Weistra op wei fan 31 maaie 2017 16:00

    Gasbedriuw Vermilion sil op syk nei nije gasfilden yn de gemeente Súdwest-Fryslân. De gemeente is it dêr net mei iens, wethâlder Gea Akkerman jout oan dat se tsjin gaswinning binne, mar SWF stiet mei lege hannen omt Vermilion in fergunning krigen hat foar it ûndersyk. Oer de machteleasheid fan in gemeente prate we mei Gea Akkerman.

    Jûn giet yn Amsterdam de langst rinnende keunstbeurs fan ús lân fan start, de KunstRai. Ien fan de dielnimmers is Age Hartsuiker, byldzjend keunstner èn galery-eigner yn Jobbegea. It is al de tredde kear dat er meidocht, mar elke kear wer is it in spannend barren, seker as in pear oeren foar de iepening de keunstsamlers op de preview ôfkomme.

    Fierder in petear mei de fertrekkend keeper fan SC Cambuur, Harm Seinstra, en fierder It Slotstik, it lêste Fryske nijs, en it waar.

    Weistra op wei wurdt hjoed presentearre troch Eric Ennema

    16:05 - Dolly Parton - 9 To 5
    16:13 - Clean Bandit Ft. Zara Larsson - Symphony
    16:23 - Frankie Valli - Grease
    16:39 - Cajun Beano - Abe
    16:49 - Sheppard - Geronimo
    16:55 - Joan Osborne - One Of Us
    17:05 - Michael Buble - Haven't Met You Yet
    17:13 - Elske Dewall - In Nije Dei
    17:22 - Boys Town Gang - Signed, Sealed Delivered (I`M Yours)
    17:35 - Chuck Berry - No Particular Place To Go
    17:41 - Niall Horan - Slow Hands
    17:49 - F.R. David - Words
    17:56 - Charlie Puth Ft. Selena Gomez - We Don't Talk Anymore
    Harm Weistra

    Weistra op wei

    Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
    (advertinsje)