Weistra op wei fan 31 july 2017 16:00

Twa Fryske showbands binne dit wykein wrâldkampioen wurden op it wrâldmuzykkonkoers yn Kerkrade. Hoe ha se dat dien? Miskien dat it Fryske sjuerylid dêr wat mear oer wit? Hoe kinne je eins in objektyf oardiel felle oer muzyk? Eric Ennema siket it út.

Yn Himmelum ha se in gouden skat út de grûn helle. Hoe grut is dy skat? Wat is er wurdich? En wêr giet er hinne? Ferslachjouwer René Koster hat de antwurden.

Hoe kin it dat buschauffeurs hieltyd âlder wurde? En kloppet it dat der alle dagen mear froulju achter it stjoer fan de bus krûpe? In petear mei rydskoallehâldster Petra Knol.

ûnderwerpen ûnder foarbehâld

16:04 - Poco - Call It Love
16:14 - Jonas Blue - Mama
16:19 - Andrew Gold - Lonely Boy
16:24 - Spice Girls - Wannabe
16:36 - Sam Hunt - Take Your Time
16:46 - Strawelte - De Mem Fan Doutzen
16:53 - Adele - Set Fire To The Rain
17:04 - Dua Lipa - Be The One
17:11 - David Mcwilliams - Days Of Pearly Spencer
17:22 - Peter Andre - Mysterious Girl
17:38 - Eros Ramazzotti - Ma Che Bello Questo Amore
17:49 - Zedd & Alessia Cara - Stay
17:55 - Henk Wijngaard - Met De Vlam In De Pijp
Harm Weistra

Weistra op wei

Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
(advertinsje)