Weistra op wei fan 31 jannewaris 2018 16:00

Sander Warmerdam wurdt de nije haadredakteur fan de Ljouwerter Krante. De 45-jierrige Snitser wurket no noch as einredakteur fan de website fan de NOS. Foar in krante wurke er noch net earder. Wat wol Warmerdam mei de LC? Yn Weistra op wei in petear mei him.

Jannette van der Ploeg fûn by de kringloopwinkel yn Frjentsjer in mapke mei foto's. Net samar foto's, it binne allegear famyljekykjes, dy't oait- en miskien no noch wol- fan grut persoanlik belang west hawwe. Jannette wol se graach besoargje, mar wa moat se hawwe?

Yn it nijs omtinken foar de nije trainer fan SC Cambuur, René Hake, we stean stil by de 80e jierdei fan prinsesse Beatrix, en fierder yn Weistra op wei fansels it waar, moaie muzyk, en der kin er stimd wurde op It Slotstik.

16:06 - Blof & Geike Arnaert - Zoutelande
16:13 - Cranberries - Ode To My Family
16:24 - Van Wieren - Dunsje
16:39 - Ronde - Why Do You Care
16:43 - Hot Chelle Rae - Tonight Tonight
16:52 - Gino Vannelli - Wild Horses
17:06 - Coldplay - Hymn For The Weekend
17:15 - Spice Girls - Mama
17:40 - Charlie Puth - How Long
17:49 - Erma Franklin - Piece Of My Heart
17:56 - Bonnie St. Claire - Bonnie Kom Je Buiten Spelen

Harm Weistra

Weistra op wei

Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
(advertinsje)