Weistra op wei fan 31 augustus 2017 16:00

    Hoefolle besikers komme der takom jier nei de Kulturele Haadstêd? Binne dat der 4 miljoen, of 1,4 miljoen? En wat is it no eins -besites of besikers? Fjouwer moanne foar de start fan 2018 is dêr diskusje oer ûntstien, yn Weistra op wei sille we it der ek oer hawwe.

    Hjoed is de lêste dei fan de transfers yn it betelle fuotbal. Noch noait binne der safolle spilers fan klup feroare. Ferslachjouwer Roelof de Vries set de kommende en geande nammen fan SC Hearrenfean en SC Cambuur kreas op in rychje, en dat binne der nochal wat!

    Fierder de SimmerCamper is hjoed yn Boalsert en yn Winsum, der kin wer stimd wurde op trije platen yn It Slotstik, en fansels it lêste Fryske nijs, waar en moaie muzyk.

    16:06 - Kim Wilde - You Came
    16:13 - Lucas & Steve - Up Till Dawn
    16:23 - Die Twa - Stapel Op Dy
    16:38 - Jonas Blue (Ft. Dakota) - Fast Car
    16:42 - Mink Deville - Spanish Stroll
    16:57 - Seal - Future Love Paradise
    17:08 - Alessia Cara - Scars To Your Beautiful
    17:18 - James Tw - Please Keep Loving Me
    17:38 - Ronan Keating - Life Is A Rollercoaster
    17:48 - Ryan Paris - Dolce Vita
    17:54 - Don Mcclean - Vincent
    Harm Weistra

    Weistra op wei

    Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
    (advertinsje)