Weistra op wei fan 30 novimber 2017 16:00

    Kommende sneon wurdt der dochs demonstrearre yn Dokkum, net sa bot tsjin Swarte Pyt, mar no yn it ramt fan "Nederland Wordt Beter". De "blokkearders" dy't de foarige demonstraasje op de A7 tsjinhâlden, hawwe sein dat se net nei Dokkum gean, mar der binne ek oare lûden. Yn Weistra op wei sille we it der oer hawwe.

    Moarn is it de earste dei fan desimber. De feestdagen komme der wer oan! Foar de measten in noflike tiid, mar dat jildt net foar elkenien. Minsken mei in smelle beurs, of minsken dy't iensum binne, fine it eins mar drege dagen. Lions Heerenveen organisearret foar harren in feestlike jûn yn Hotel Tjaarda yn Oranjewâld. Buddys helje en bringe se. Mar hoe foarkomme je dat de doelgroep himsels stigmatisearre fielt?

    Fierder krije we in foarpriuwke fan de foarstelling Marijke Muoi, yn de Grutte Tsjerke yn Ljouwert, en fansels it lêste nijs, it waar, en It Slotstik.

    16:06 - Chainsmokers & Coldplay - Something Just Like This
    16:13 - Lutricia Mc Neal - Ain't That Just The Way
    16:22 - Clean Bandit Ft. Jess Glynne - Rather Be
    16:36 - Madcon Ft. Ray Dalton - Don't Worry
    16:39 - Piter Wilkens - De Muntsen
    16:48 - Belinda Carlisle - Heaven Is A Place On Earth
    17:06 - Dua Lipa - Be The One
    17:13 - Hootie & The Blowfish - Only Wanna Be With You
    17:21 - Murk Aukema - Sometimes
    17:25 - Phil Collins - You'll Be In My Heart
    17:38 - Armin Van Buuren - Sunny Days
    17:46 - Three Degrees - Dirty Ol'man
    17:53 - Dr. Hook - Baby Makes Her Blue Jeans Talk

    Harm Weistra

    Weistra op wei

    Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
    (advertinsje)