Weistra op wei fan 30 novimber 2015 16:00

In protte sport, fan 'e middei yn Weistra op wei. Sa sille we it ha oer Cambuur. Nei it ferlies freed fan de nûmmer lêst -De Graafschap- liket de boaiem berikt foar de Ljouwerter fuotballers. Wêr is de útwei út dizze ympasse? Is de sportive malêze in optelsom fan allerhanne faktoaren, of is der mear oan 'e hân? Cambuurwatcher Geert van Tuinen skoot oan.
Dan kundige hjoed ien fan de bêste basketballers ea syn ôfskied oan: Kobe Bryant set nei 20 jier in punt achter syn karriêre. Mei 25 miljoen per jier is er de bêst betelle basketballer fan Amearika. Ljouwerter basketbalfanaat Karim Hamad hearde it berjocht fan 'e moarn en kocht fuortendaliks in kaartsje foar wat Kobe Bryant's lêste wedstryd wêze sil: yn maart yn LA. In oare Ljouwerter, Sebastian Morawski, seach Bryant fiif jier lyn spyljen -en makke wat bysûnders mei.
Dat, mei it lêste Fryske nijs, it waar èn it Slotstik, yn Weistra op wei.

16:09 - Roy Orbison - You Got It
16:18 - Lost Frequencies (Ft. Janieck Devy) - Reality
16:38 - Piter Wilkens - Greideroas
16:50 - Listenbee - Save Me
17:09 - Joe Cocker - The Simple Things
17:19 - Faydee Shaggy (Ft. Mohombi & Costi) - I Need Your Love
17:36 - John Denver - Thank God I'm A Country Boy
17:51 - Guus Meeuwis - Tranen Gelachen
Diel dit berjocht op:

Weistra op wei

Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen fan 16.00 oant 18.00 oere.
(advertinsje)