Weistra op wei fan 30 maart 2016 16:00

    Yn Weistra op wei hawwe wy it hjoed oer de plannen fan de ChristenUnie om mear masters foar de klasse te krijen. Baangarânsje, in oanpassing yn de CAO, mear fulltime banen en feroarings yn de oplieding. Dat moat der neffens de partij foar soargje dat oer in oantal jier 30 prosint fan de learkrêften in man is.

    It is net it earste plan om mear masters te lûken. Hoe grut is de kâns dat dit plan wol slagget? We prate deroer mei Jantine Kuijpers fan de Pabo-oplieding fan de NHL en Pabo-studint Jasper Wijnja fan De Jouwer.

    Fierder belje wy mei Jorrit Bergsma. De reedrider fan Aldeboarn hat krekt syn kontrakt ferlinge by de Clafis-ploech. En dat betsjut dat er definityf gjin ploechmaat wurdt fan Sven Kramer.

    Ien fan de saken dy't wichtich is foar Bergsma, is dat der by Team Clafis de kommende jierren minder reedriders ûnder kontrakt stean as it ôfrûne seizoen. Dêrtroch komt der foar de riders mear persoanlik omtinken. Dêr is de Olympysk kampioen op 'e 10 kilometer bliid mei.

    Dêrneist fansels ek omtinken foar it nijs, it waar en wy draaie wer muzyk. It slotstik stiet hjoed yn it teken fan finzenisferskes. Je kinne stimme op Queen, Elvis of de Pioniers.

    "Mear masters foar de klasse"

    • "Mear masters foar de klasse"

    16:09 - Poco - Call It Love
    16:21 - Shawn Mendes & Camila Cabello - I Know What You Did Last Summer
    16:44 - De Kast - De Tijd Tikt Door
    16:52 - Bastille - Pompeii


    17:11 - Crowded House - Weather With You
    17:18 - Diggy Dex (Ft. Jw Roy) - Treur Niet (Ode Aan Het Leven)
    17:41 - Steve Harley & Cockney Rebel - Make Me Smile
    17:49 - Snow Patrol - Just Say Yes
    17:53 - Queen - I Want To Break Free
    Harm Weistra

    Weistra op wei

    Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
    (advertinsje)