Weistra op wei fan 3 oktober 2017 16:00

Je hearre it net sa faak, mar soms binne der gemeenten dy't jild oer hawwe. It oerkomt de gemeente Harns. Se ha dêr in heal miljoen oer, en helje ek nochris oardel miljoen út de eigen reserves, allegear foar nij belied. Hoe't soks eins mooglik is, en fansels wat der mei it jild dien wurdt, fertelt wethâlder Harry Boon yn Weistra op wei.
It is hjoed in belangrike dei foar LF2018, op it Gouverneursplein yn Ljouwert wurdt it programma foar it kommende Kulturele Haadstêdjier presenteard. De lokaasje is gjin tafal: it wie ommers dêr dat fjouwer jier lyn bekind waard dat Ljouwert de Kulturele Haadstêd yn 2018 wurde mocht. Mar wat stiet der no allegear op it programma?
Dan waard juster Dick Passchier begroeven. Foar de wat âldere harker en sjogger in begryp: jierrenlang wie er aktyf as presintator en kommintator, yn programma's as Zeskamp, Spel Zonder Grenzen en fansels it defilé op Keninginnedei. Mar hoe bedarre Passchier eins yn Fryslân, yn Ingwierrum? Yn Weistra op wei in petear mei him út ús eigen argyf.
Fierder fansels It Slotstik -mei omtinken foar de juster ferstoarne Tom Petty-, it waar en it ferkear op de Fryske diken

16:06 - Jonas Blue - Mama
16:14 - Soul Ii Soul - Back To Life
16:24 - French Connection - Iselmar
16:37 - Justin Bieber - Sorry
16:46 - Atomic Kitten - Whole Again
16:49 - Lene Marlin - Sitting Down Here
17:07 - Chef Special - Try Again
17:14 - Narada Michael Walden - Gimme Gimme Gimme
17:24 - Ariana Grande - One Last Time
17:38 - Grytz & Grize - Route Soleil
17:47 - Ricky Martin - Maria
17:57 - Traveling Wilburys - End Of The Line
Harm Weistra

Weistra op wei

Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
(advertinsje)